Mariska Kramer wint yn nije pr

22 nov 2010 - 08:03

Mariska Kramer is snein winner wurden fan de maraton fan Philadelphia. De Drachtster atlete die dat mei in nij persoanlik rekôr. Har âlde toptiid oer de goed 42 kilometer wie 2.44,42. Yn Amearika kaam se yn 2.38,55 oer de einstreek.

It parkoers yn Amearika wie dreech mei in protte heuvels en der stie in tichte wyn. "Ik krige it hjoed net kado", wie de reaksje nei ôfrin fan in tefreden Mariska Kramer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)