LDODK wint fan Mid-Fryslân

De Fryske twastriid yn de haadklasse fan it kuorbaljen tusken Mid-Fryslân en LDODK is wûn troch LDODK mei 24-16. Yn de earste helte gongen beide ploegen lykop. By it skoft wie de stân 10-10.
Yn de twadde helte wie LDODK de bettere ploech. Markus de Boer, Erwin Zwart en Peter Lageweg fûnen maklik de koer. Mid-Fryslân makke mar seis punten yn de twadde helte. De winst foar de ploech fan trainer Gerald Aukes wie dan ek dik fertsjinne.