Lykspul Snits Swart Wyt

Haadklasser Snits Wyt Swart hat snein thús mei 3-3 lyk spile tsjin Rheden. Yn de 13e minút sette Daniël Bennik de Snitsers op in 1-0 foarsprong. Troch in penalty kaam Rheden op 1-1. Twa minuten letter wie it 2-1 troch Cees Smaal. Elwin Kloosterman sette de Snitsers sels op in 3-1 foarsprong. Mar foar it skoft makke Rheden de oanslutingstreffer. Yn de twadde helte makke de ploech út Rheden de lykmakker: 3-3.
FVC ferlear mei 3-0 fan Babberich.