Souder útbaarnd yn Dokkum

In himpplantaazje fan hûndert planten hat snein yn Dokkum nei alle gedachten in brân yn in hûs oan 'e Houtdo feroarsake. Yn it rychjeshûs baarnde de souder út. De bewenners wienen op dat stuit net thús. De brânwacht kaam mei twa spuitweinen en in heechwurker. De brân wie yn in heal oere tiid ûnder kontrôle. De huzen oan wjerskanten hiene wat reek- en wetterskea.
De bewenners fan it hûs dêr't de brân wie, sitte fêst op it plysjeburo. It giet om in man en in frou.