Houten brêge Snits te plak
De twadde houten brêge oer de rûnwei fan Snits by de wyk Tinga is sneontenacht pleatst. De operaasje is sûnder problemen ferrûn. De brêge moast oer in pear hûndert meter ferpleatst wurde. Dat wie yn in oere klear. Oardel oere letter lei de brêge te plak.
Sa'n twatûzen taskôgers wiene op it spektakel ôfkaam. De brêge is goed 250 tûzen kilo swier, 32 meter lang en 16 meter heech. Takom maitiid kinne de earste auto's oer de brêge hinne.
Trefwurden:
argyf