Flyers winne yn Eindhoven
De A6.NL Flyers ha de útwedstriid tsjin de Kemphanen yn Eindhoven mei 5-4 wûn. De earste perioade wie foar de thúsploech: 3-1. Michael Nason makke de treffer foar de Flyers. De 1-0 winst foar de Feansters troch Sander Dijkstra wie de opmaat foar in sterke tredde perioade.
Bert van den Braak, Brent Janssen en Andrey Levitin setten de Flyers op in 5-3 foarsprong. Krekt foar de ein makke Kemphaan Yuri Kuzmenkov de fjirde foar Eindhoven.
Trefwurden:
argyf