Harkemase Boys winne thús
Topklasser Harkemase Boys hat op sportpark De Bosk mei 3-0 wûn fan Sparta Nijkerk. De thúsploech hie in sterk begjin, mar earst yn de 45e minút makke Oebele Schokker út in frije traap de 1-0 foar de Boys.
Yn de twadde helte sette Martijn Barto de 2-0 op it skoareboerd. Tim Velten soarge foar de 3-0 einstân. It wie foar de ploech fan trainer Henk de Jong de fyfde oerwinning fan it seizoen.
Trefwurden:
argyf