Twa slimferwûnen yn Drachten
In scooterrider en syn passazjier binne sneontemiddei slim ferwûne rekke by in oanriding yn Drachten. Op de Rietpol kaam de scooter yn botsing mei in auto. De traumahelikopter is nei de wenwyk flein om de twa te fersoargjen.
It buro ûngefalle-analyze fan de plysje docht ûndersyk nei hoe't it ûngelok bard is.