Flyers ferlieze fan Geleen

20 nov 2010 - 15:33

Yn 'e striid om de North Sea Cup rûnen de iishockyers fan de A6.NL Flyers tsjin in 7-4 ferlies oan tsjin Geleen. Benammen yn 'e twadde en tredde perioade kamen de Flyers yn 'e problemen. Troch domme straffen fan Jamie Visser, Michael Nason en Aleksandr Terjohins kamen de Flyers op in efterstân fan 4-2.

Yn 'e lêste perioade waard it noch 5-4. It wie oanfaller Jason Tejchma fan Geleen dy't soarge foar de 7-4 einstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)