Ferset tsjin besuniging keunst

20 nov 2010 - 13:31

Yn Drachten, Ljouwert en Frjentsjer is sneon protestearre tsjin besunigings op kultuer. Yn dy plakken lieten artysten en keunstners sjen wat se kinne. Dêrmei moat de needsaak fan keunst by it publyk ûnder de oandacht brocht wurde. Rûnom yn Fryslân is keunst sabeare 'oan 'e wylgen' hongen.

De Twadde Keamer hat ynstimd mei in ferheging fan de btw op teater- en konsertkaartsjes. Dy giet fan 6 nei 19 persint. Fierders komme der noch grutte besunigings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)