CDA-stipe ferfiersplan Adema

20 nov 2010 - 13:04

It CDA yn 'e nije Súdwesthoekegemeente is foar it plan fan deputearre Adema om gemeenten meiferantwurdlik te meitsjen foar it iepenbier ferfier. Adema wol dêr in proef mei dwaan yn 'e nije gemeente. Neffens de partij is dat wol in saak dêr't minsken yn de doarpen harren soargen om meitsje.

De FNP yn de nije Súdwesthoekgemeente is op it foarstel fan Adema tsjin. De provinsje besiket sa de ferwachte tekoarten op it iepenbier ferfier ôf te skowen op gemeenten, fynt de partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)