Man berôve oan Wâldwei

In 33-jierrige Amsterdammer is freedtejûn beroofd by in tankstasjon oan 'e Wâldwei. Om sawat sân oere gie er nei it húske by it tankstasjon, mar doe't er weromgie nei de auto waard er troch twa manlju oanfallen. Se pakten him de beurs ôf en naaiden yn in blauwe auto út.
De man wie sa fan it sintrum dat er pas nei in oere de plysje belle. De plysjeminsken koene doe neat oars mear dwaan as de oanjefte opnimme.