Libbensgefaarlike autorider

In 18-jierrige jonge út Oerterp is freed it riidbewiis kwytrekke nei libbensgefaarlike aksjes yn it ferkear yn Drachten. Op 'e Noarderhegewei helle er fierste hurd in ûnopfallende plysje-auto yn. Op in rotonde fleach er sawat út 'e bocht.
Letter helle er yn it sintrum fierste hurd in auto yn en botste sawat op in ferkearsheuvel. By in twadde ynhelaksje moast in tsjinlizzer fan de dyk om in frontale oanriding foar te kommen. De plysje hat him oanhâlden.