Skûtsjebotsing foar Sylried
De Sylried fan it Wettersportferbûn docht foar 1 desimber dochs noch útspraak oer de oanfarring tusken de skûtsjes fan Peter de Koe en Robert de Jong op de Sleattemermar. By de oanfarring yn de IFKS-wedstriid fan 11 augustus rekke skipper De Jong ferwûne oan de holle.
De saak waard te let by de ried oanmelden. Dy behannelet him dochs noch op fersyk fan it IFKS-bestjoer. It útbliuwen fan in útspraak soarget foar ûnrest by de leden.
Trefwurden:
argyf