Cambuur hurd ûnderút

SC Cambuur hat freedtejûn mei 3-0 ferlern fan FC Eindhoven. De Ljouwerters krigen krekt as thúsploech Eindhoven yn de earste helte amper kânsen. De earste helte einige dan ek yn 0-0, mar Cambuur rûn wol skea op. Zdenko Kaprálik krige krekt foar it skoft in reade kaart.
Ratko Vansimpsen sette Eindhoven yn it begjin fan de twadde helte op foarsprong. Deselde spiler fergrutte de marzje nei 2-0 en Leon Kantelberg makke de 3-0. Cambuur wie lamslein.