Marrit en Bob: beide achtste

19 nov 2010 - 20:30

Marrit Leenstra is op de 1500 meter by de wrâldbeker yn Berlyn achtste wurden (2.00,24). Ferline wykein op it iis fan Thialf waard se noch tredde. De winst gong opnij nei de Kanadese Christine Nesbitt yn 1.57,03, de Noarse Ida Njatun waard ferrassend twadde, Ireen Wüst tredde.

Bob de Vries helle ek in achtste plak op de 5000 meter yn 6.24,96. De Koreaan Seung-Hoon Lee wûn yn 6.18,40. Jorrit Bergsma waard njoggende yn 6.27,43.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)