Ynbraak tankstasjon foarkommen

19 nov 2010 - 18:57

Twa ynwenners fan Zeist binne tongersdeitenacht yn Broeksterwâld oanholden omdat se ynbrekke woene yn de winkel fan in tankstasjon oan de Haadwei. In foarbygonger seach ferskate persoanen op it dak fan it tankstasjon en warskôge de plysje.

Yn totaal trije fertochten naaiden út. Mei help fan plysjehûnen koene twa fertochten oanholden wurde. De tredde fertochte is net mear oantroffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)