Hotel Sneek lang om let iepen

It Van der Valkhotel yn Snits is freed lang om let iepene. It hat tsien jier duorre foardat alles foar elkoar wie yn ferbân mei beswieren. Nei Hurdegaryp, Drachten en Wolvegea is Hotel Sneek it fjirde Van der Valkhotel yn de provinsje. Der moat ek noch in festiging op de Werpsterhoeke by Ljouwert komme.
Mei 100 keamers, 400 plakken om te iten en 100 meiwurkers heart Hotel Sneek ta de middelgrutte hotels fan it Van der Valkkonsern.