Brûns foar Boer op 500 meter
Reedrydster Margot Boer út Grou hat freedtemiddei brûns helle op de 500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn. Boer notearre in tiid fan 38 sekonden en 66 hûndertste.
De winst wie foar de Dútske Jenny Wolf yn 38.08. Twadde waard Olympysk kampioene Sang-Hwa Lee út Súd-Koreä yn 38.24. Thijsje Oenema fan De Jouwer waard tolfde mei 39.20.