Sybren Jansma blessearre

19 nov 2010 - 17:27

Bobslider Sybren Jansma is freed mei in blessuere oan de hamstrings werom kaam út Eastenryk nei syn earste wedstryd fan it seizoen. Mar it herstel sil nei alle gedachten net lang duorje.

Jansma is bliid dat hy wer yn de slide sit mei syn piloat Edwin van Calker. Van Calker woe op de Olympyske Spelen net startte yn de 4-mans bob omdat hy de baan te gefaarlik fûn. Dat levere in soad krityk op. Jansma oerwage doe nei it bûtenlân te gean of op te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)