Heal jier sel foar Redt Nynke

19 nov 2010 - 16:38

Tsjin in frou (26) út Ljouwert is seis moanne selstraf easke foar oplichting. Se hie de stifting Redt Nynke foar de slimsike Nynke oprjochte, mar dy bestie net. De 8000 euro dy't se ophelle, stuts se yn eigen bûse. De frou helle ûnder oare jild op by wedstriden fan Cambuur en by in pompoenfestival yn Jellum.

It slimst troffen is in frou út Boksum dy't 3500 euro oan de oplichtster joech. De fertochte moat fan justysje alle minsken werombetelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)