Herstel Vandenbussche sjit op

Brian Vandenbussche (foto: Dirk Jan Haarsma)
SC Hearrenfeandoelman Brian Vandenbussche komt op 29 novimber werom by de klup. De Belgyske doelman dy't al moannen revalidearret yn Zeist fan in swiere krúsbânblessuere sil syn revalidaasje fierder trochsette op It Hearrenfean.
Vandenbussche hopet yn jannewaris mei de seleksje op trainingskamp te gean yn Turkije. It kontrakt fan Vandenbussche rint oan de ein fan dit seizoen ôf. Oer in nij kontrakt is oant no ta noch net praat.