Toeristekampanje Beachlife

Toeristen út Nederlan, België en Dútslân hawwe yn 2009 hast 2,5 miljard euro útjûn oan de Nederlânske kust. Hast 40 persint fan harren wie yn it Fryske Waadgebiet. Dat docht bliken út sifers fan it Nederlânsk Buro foar Toerisme en Kongressen.
Goed 1 miljoen Dútsers en 250.000 Belgen kamen nei it Nederlânske strân. De grutste groep, fan goed 3 miljoen, kaam út eigen lân. Om mear minsken te lûken komt it toerismeburo mei de ynternasjonale kampanje Beachlife.