Viktor Elm wol, Bas Dost net

Victor Elim (foto: Dirk Jan Haarsma)
Ron Jans sil tsjin Willem II nei alle gedachten fêsthâlde oan deselde basisformaasje as dy tsjin Feyenoord. Dat betsjut dat Viktor Elm opnij yn 'e punt fan 'e oanfal stiet ten koste fan Bas Dost.
Allinnich it meispyljen fan middenfjilder Christian Grindheim is noch ûnwis. De Noarsk ynternasjonal hat in heupblessuere oprûn yn de ynterlân tsjin Ierlân, mar giet der sels fan út dat er wol meidwaan kin tsjin de Tricolores.