Lindenoord mooglik ferkocht

19 nov 2010 - 12:44

It monumintale Huize Lindenoord yn Wolvegea giet mooglik yn de ferkeap. It hûnderten jierren âlde gebou is sûnt 1996 eigendom fan 'e gemeente Weststellingwerf. Ien keamer is troulokaasje.

De gemeente woe it gebou graach ferhiere, mar dêr is net ien op kaam, Dat komt benammen omdat it foar hierders te djoer is om it oan te passen foar oare aktiviteiten. B en W stelle de gemeenterie no foar it gebou mar te ferkeapjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)