Gearwurking reyntegraasjeburo

Twa reyntegraasjeburo's yn Fryslân gean in gearwurking oan. Reax yn Ljouwert en de Louwsma Groep yn Bakkefean tinke sa better de groeiende fraach nei persoaniel oan te kinnen. Der wurde benammen groepen ynset dy't no dreech oan in baan te helpen binne. It giet om minsken dy't gjin diploma's hawwe of al langer wurkleas binne.
De gearwurking hat gjin gefolgen foar it personiel fan 'e beide reyntegraasjeburo's. Reax joech ferline jier noch tsien minsken dien.