Hearrenfean bliuwt by fúzje

De gemeenteried fan Hearrenfean hat tongersdei ynstimd mei de trije weryndielingsfarianten fan B en W. Twa dêrfân gean oer weryndieling mei de gemeente Skasterlân. Dat leit gefoelich, want op De Jouwer wolle se graach de lapen gearsmite mei Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat.
De ried hat ek ynstimd mei it beslút om beswier oan te tekenjen tsjin de fúzjeplannen fan de trije gemeenten Skasterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat.