Stroomsteuring omkriten Dokkum

Sânhûndert húshâldings yn 'e omkriten fan Dokkum hawwe tongersdeitejûn in skoft sûnder stroom sitten. It giet om it gebiet boppe Dokkum, by Mitselwier, Eastrum en Ljussens. De steuring begûn om kertier foar achten. Pas tsjin tolven wie der wer stroom.
Netwurkbehearder Liander siket freed út wat de oarsaak fan de steuring is. Mooglik is in kabel útfallen, mar wêrom is noch ûndúdlik.