Frachtauto rydt pony dea
In frachtauto hat op de N358 by Surhústerfean in pony deariden. It bist rûn los op 'e dyk. De bestjoerder fan de frachtwein, in 33-jierrige man út Hurdegaryp, seach him te let. In foarbygonger hie earder noch besocht om de pony fan de dyk te krijen, mar dat slagge net.
De plysje wol graach yn kontakt komme mei de eigner fan it bist. It giet om in swarte Shetlandpony.