Medisinen fan dokter stellen

19 nov 2010 - 09:51

By in ynbraak yn de húsdokterspraktyk oan de Herman Gorterstrjitte yn Balk binne medisinen stellen. Dat barde yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei. De dieder koe de praktyk yn komme troch in rút iepen te brekken.

Neist de medisinen binne ek in kamera en jild meinaam. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)