Drugs finzenis yn smokkele
In ynwenster fan It Hearrenfean is oer it mad kaam doe't se besocht drugs finzenis De Marwei yn Ljouwert yn te smokkeljen. Se hie de drugs yn klean dien dy't bestimd wiene foar in finzene. De drugs waarden fûn by kontrôle troch personiel fan it gefang.
De frou is oerdroegen oan 'e plysje. Se sit fêst foar fierder ûndersyk.