CDA hâldt ferkearskontrôles

19 nov 2010 - 07:52

It CDA Súdwest-Fryslân hâldt dit wykein tegearre mei Veilig Verkeer Nederland ferkearskontrôles yn Snits. De partij docht dat om omtinken te freegjen foar de ferkearsfeiligens yn 'e stêd. De partij hat earder al konstatearre dat der faak te hurd riden wurdt yn 30-kilometersônes.

De útkomsten fan de ferkearskontrôles wurde trochjûn oan de plysje en de gemeente. Ek sil Sander de Rouwe fan it CDA yn de Twadde Keamer besjen wat Den Haag mei de útkomsten dwaan kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)