Gjin nijjiersfeest om bouwerij

18 nov 2010 - 22:55

Achtkarspelen slacht dit jier de nijjiersresepsje oer omdat de gemeente midden yn 'e ferbouwing sit. Der is yn it riedhûs fan Bûtenpost op dit momint gjin romte om gasten te ûntfangen. Doel wie de nijjierresepsje yn de nije riedsseal te hâlden, mar troch administratyf opûnthâld is it wurk net op tiid klear.

De nijbou en de útwreiding sil no yn maart of april iepene wurde. Ek de ried hat de bouput yn Bûtenpost ferlitten en fergadert yn Surhústerfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)