De Centrale wreidet út

Yn in pear jier tiid sil it Ljouwerter winkelsintrum De Centrale twa kear sa grut wêze - sa hopet de gemeente. Der komme 1500 parkearplakken by yn in parkeargaraazje fan twa lagen.
De gemeente Ljouwert ûndersiket oft de Dútske megasupermerk Famila in plakje op it terrein krije kin. Begjin takom jier moat dúdlik wurde oft dat kin. Dan begjint ek de nijbou op it terrein: dy set útein mei de sloop en nijbou fan de Praxis.