Twadde houten brêge Snits

18 nov 2010 - 16:52

Sneontejûn sil de twadde houten brêge yn de rûnwei fan Snits pleatst wurde. It 251.000 kilo swiere gefaarte moat goed 400 meter ferpleatst wurde. Tongersdei al begûnen de tariedings foar it transport. It ramt is klear, mar foardat it gefaarte op transport giet moat der noch wol it ien en oar barre.

De twadde brêge is wat smeller as syn broer en hat boppedat in houten dek. Der sil dan ek minder swier ferkear oer hinne kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)