Tredde winst foar Flyers
De A6.NL Flyers fan It Hearrenfean hawwe de tredde oerwinning yn de kompetysje helle. Op It Hearrenfean waarden de Nijmegen Devils mei 3-2 ferslein. De earste perioade wie troch twa goals fan Jamie Visser en Sander Dijkstra foar de Flyers. De twadde perioade wie mei 2-0 folslein foar Nijmegen.
Yn de tredde perioade gie it wer better mei de Flyers en wie it Paul Vincent mei de 3-2.
Trefwurden:
argyf