Aldheidkeamer Kollum yn gefaar

18 nov 2010 - 15:14

De ein driget foar de Aldheidkeamer fan Kollum. De gemeente Kollumerlân is fan plan om mei de subsydzje op te hâlden en dan kin it net mear út. De Aldheidkeamer is fêstige yn it âlde postkantoar. Besikers kinne der histoaryske ynformaasje oer Kollumerlân fine.

It gemeentebestjoer fynt dat der te min besikers komme en dat der net genôch frijwilligers binne om de Keamer draaiende te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)