De Vries net tsjin Eindhoven

18 nov 2010 - 13:22

SC Cambuur kin freedtejûn tsjin Eindhoven net beskikke oer Mark de Vries. De oanfaller wie krekt werom fan in blessuere, mar hat dizze wike lêst krigen fan it kût. Neffens trainer Alfons Arts sil der no in spesjaal herstelprogramma foar De Vries kommme. 'Hij moet nu eerst maar eens echt fit worden', sa seit Arts.

Middenfjilder Oguzhan Türk hat in ljiskbreuk. Hy mei dêr wol mei spylje (as hy de pine úthâlde kin) mar hy sil ynkoarten wol ûnder it mes moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)