Mear Fryske wurkleazen

De wurkleazens yn Fryslân is de ôfrûne moanne licht tanaam mei 0,2 prosint. Dat betsjut dat der op dit momint yn Fryslân goed 20.500 minsken wurkleas binne en dat is 7 prosint fan de beropsbefolking. In jier lyn wiene dat der noch goed 400 minsken minder.
Lanlik sjoen is de wurkleazens de ôfrûne moanne mei 0,4 prosint weromrûn, dat komt út op 6,2 prosint fan beropsbefolking.