Trije himpkwekerijen oprôle
De plysje hat woansdei yn trije huzen yn Ljouwert himpkwekerijen oprôle. Yn in hûs oan de Jacob Binckesstrjitte fûn de plysje 94 himpplanten. De 27-jierrige bewenner is oanholden. Syn auto, televyzje en in spulkompjûter binne yn beslach naam.
Yn in hûs oan de Schopperhofstrjitte trof de plysje 132 himpplanten oan. In 52-jierrige frou út Ljouwert en in 44-jierrige ynwenner fan Barger Compascuum binne oanholden. In auto en in laptop binne yn beslach naam.
Trefwurden:
argyf