Twa fjochtersbazen oppakt

18 nov 2010 - 10:29

De plysje hat woansdeitemiddei twa Ljouwerters oanholden nei in rûzje. Surveillearjende plysjes krigen in melding dat de twa op strjitte mei elkoar oan it fjochtsjen wiene en dat se dêrby mooglik ek in mes brûkten.

De plysje koe de beide manlju yn de Kruisstrjitte oppakke. Ien fan har hie it gesicht ûnder it bloed. De twa sitte fêst.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)