Frou skopt ambulânseminsken

In 27-jierrige frou út Frjentsjer is oanholden foar it mishanneljen fan ambulânsepersoaniel. De fertochte waard woansdei yn in ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht. Yn it sikehûs waard de frou lilk en sloech en skopte se de ambulânseminsken.
Der is fuortendaliks oanjefte dien troch it ambulânsepersoaniel. De frou út Frjentsjer is earst behannele en dêrnei oanholden.