Laskers ferwûne by Agrifirm

18 nov 2010 - 09:52

By it bedriuw Agrifirm yn Drachten binne ôfrûne nacht twa laskers ferwûne rekke. By laskwurksumheden ûntstie ynienen in stekflam en dêrby rûnen de laskers brânwûnen op.

De beide slachtoffers binne oerbrocht nei it sikehûs. De arbeidsynspeksje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it bedriuwsûngefal.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)