Frou omkaam yn Rinsumageast

By in ûngelok, tongersdeitemoarn yn Rinsumageast, is in frou fan 31 jier út Burdaard om it libben kommen. De frou ried om tweintich oer seizen op har scooter op de Tuskendammen, doe't se fan achteren oanriden waard troch in auto, bestjoerd troch in man fan 20 út Rinsumageast.
De frou rekke swier ferwûne. Se is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert, en dêr is se ferstoarn.