VVD: Undersyk nei Harmonie

De VVD wol witte hoe't de tekoarten ûntstien binne.
De VVD yn Ljouwert wol dat de ried sels in ûndersyk ynstelt nei de problemen fan de Harmonie. It teater hat in tekoart fan in miljoen euro en dêr draait de gemeente foar op.
De mearderheid yn de ried fielt lykwols neat foar noch in ûndersyk, omdat der no al twa ûndersiken rinne. De útkomsten dêrfan wurde yn desimber ferwachte en dan kin de ried oer de takomst fan de Harmonie te set, seit ek wethâlder Diks.