1000 spegelkarpers útset
Op in pear plakken yn Fryslân wurde freed en sneon wer spegelkarpers útset. Sûnt 2005 wurde alle jierren sokke fisken útset, bygelyks yn de Leijen, de Burgumermar, de Snitsermar en de Fluezen.
It útsetten is in ûnderdiel fan it plan om de spegelkarper wer werom te krijen yn it wetter yn Fryslân. No wurdt de fisksoart slim bedrige. De bisten wurde freed en sneon útset by Lekkum, Grou, It Hearrenfean en Berltsum.