Fryslân Unlimited wol wer jild

It brulboeioargel hearde ek by Fryslân Unlimited (foto: Jaap Spieker)
De provinsje Fryslân moat ek takom jier jild stekke yn it projekt Fryslân Unlimited, fynt de organisaasje sels. It projekt hat as doel om minsken út hiel Nederlân dúdlik te meitsjen dat der in soad talint is yn Fryslân.
De organisaasje hâlde ûnder oaren eveneminten as 'de slimste klas fan Fryslân' en 'Frysk Talent On Tour', in rige fraachpetearen mei Friezen dy't in soad súkses ha yn harren wurk. Woansdeitejûn wie it lêste ûnderdiel; in gearkomste oer de media yn Fryslân.