Oargel Winaam wer klear

17 nov 2010 - 20:29

Yn de Andreastsjerke fan Winaam wurdt freed it histoarykse oargel nei in restauraasje wer yn gebrûk nommen. It oargel is goed 140 jier âld en wie troch de jierren hinne skansearre en lek rekke.

It duorre lang foardat de restauraasje begjinne koe, omdat der in soad jild byelkoar brocht wurde moast. Freed wurdt ûnder oaren in demonstraasje jûn op it oargel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)