Fragen oer helikopterflechten

De steatefraksje fan de PvdA is fernuvere dat de provinsje tastimming jout foar kommersjele helikopterflechten fan en nei de waadeilannen. De partij stelt der fragen oer oan it kolleezje fan deputearre steaten.
De PvdA fynt dat der better sjoen wurde moat nei de gefolgen foar de natuer yn it waadgebiet. Provinsjale steaten hiene ek yn it foar ynformearre wurde moatten, fynt de PvdA.