Hurd ride yn bosk mei net mear

17 nov 2010 - 19:34

Auto's meie skielk noch mar 60 kilometer ride op de diken troch de bosken by Appelskea. It oerlisorgaan Drents-Friese-Wold hat dat besletten, om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen.

No mei dêr noch 80 riden wurde. It giet om bygelyks de Oude Willem, de Bosweg, de Canadaweg en de Kloosterweg. It echt ynstellen fan de nije maksimumsnelheid is de ferantwurdlikheid fan de gemeente Eaststellingwerf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)